Bochtwurkpraat n.a.f 52 jier doarp Reahus (In ferslach ut 25 jier Bochtwurk Reahus)
Tegearre mei Rien krige Reahûs yn 1955 de doarpstatus. It Bochtwurk ferskynt sûnt 1982 derút dizze seleksje.
Anne Bootsma, tige warber yn de kommisje Simmerfeesten is de earste foarsitter fan it Doarpsbelang.
Yn 1983 waard de Bonifaciuskoalle in eksperimintele basisskoalle. As der 8 beukers wiene, koe de skoalle los. Op de teldatum fan 1 okt, sieten der 8 bern ûnwennich yn de nije klasse fan Juf Alie mar der wie ien bij dy’t er eins noch net wêze mocht: Teatske Altenburg wie nl. noch mar 3 jier. It skeelde 1 dei. De ynspekteur hat die deis wol telt, mar net nei de datum sjoen wêrop de bern jierdei wiene. De basisskoalle koe los.( Ien fan de fyftich earste basisskoallen yn Nederlân)De skoalle koe ek flink ferboud wurde en de bern hoechden net mear mei it buske nei Easterein.In hiele feroaring yn Reahus.
Yn de simmer fan 85 op 2 en 3 juny stie der in grutte tinte op it skoalplein. It hiele skoalgebou waard brûkt. Reahus wie út de skroeven .De folleybalmaraton sette útein en 25 oeren lang spiele in team fan 2 x 6 tsjin 50 folleybalploechen De opbringst f 15.500,- wie foar in fakânsjeprojekt foar ït Mearke” yn Boalsert. Alle teams die fan it fjild kamen krigen fan Marijke in appeltsje. It waard in grut feest yn de tinte
Fanôf 87 hat it doarpsbelang it Bochtwurk rêdigere. Sûnt die tiid stean de jierferslaggen fan it doarp yn it Bochtwurk en is alles beskreaun.
Sa fûn ik b.g in ferslach fan in mismoedige pompoenkweker út de tiid dat yn Reahus in pompoenwedstriid hâlden waard.Hy beoardielde de kwaliteit fan it pompoensied dat troch doarpsbelang útdielt wie sa min dat hy eindige mei de wurden: “Nee,oer de opfieding fan ús bern hoecht ús doarpsbelang net yn te sitten, Wy ha noch bern om op te fieden, mar mei dit sied komt it doarpsbelang net iens oan bern ta”.
Yn 87 krige Littenseradiel in nei gemeentehûs De doarpsbelangen fan Littenseradiel biede 2 nuttebeamkes oan foar de tún by it neie gebouw en freegje de gemeente foaral each te hâlden foar de lytse kearnen. Ha se dat ek dien? Jim mei it sizze.!
Yn juny 1987 waard de premiêre hâlden fan Redhouse, Deadhouse It wie in grut sukses . Mei twa dia-apparaten en moaie musyk kaam Reahus telâne yn de futuristyske wrald fan de kearn- energie: Reahûs krige in "kearnsintrale" en yn it hús fan master Karel leit in kearnkoppie ( syn hûn ) ûnder de bank.
Der komt in plan foar in grutter keatsfield en yn 1988 krige de Pastoor ten Bokemstrjitte neie ferljochting. Yn it Bochtwurk stie :“Jo kin der yn Skearnegoutum de krante by lêze”
Zij-Actief is al âld, se fierden dit jier harren 75 jier bestean Se sykje wol in nije identiteit. Wie it earst “KPO”, dernei “Zij-actief “en “Vrouwennetwurk Reahus”, it sil no ,as de berjochten kloppe, “Wij aktyf” wurde en faaks kinne mannen dan ek oan aktiviteiten mei te dwaan want de ABTB is nei 70 jier ophâlden te bestean ..
Yn 89 rint de Pôlle fol mei grutte motoaren. De “M.C. plof er eens uit “ hâldt har simmerwykein op Reahûs. Reahûs ferdûbelet 2 dagen in ynwennertal. Jûns feest fansels. Reahus wie in gaadlik plak want se binne nog twa kear west.
It stipebelied Greidhoeke Noard yn de 80 jierren: soarge o.a. foar nije wenten, in nij sportfjild, restauratie fan de Tsjerke, in fytspaad nei de Leane en beton op de Slachtedyk.
Prysters lykje der genôch te wêzen, want se klusse by. Pater Noordstrand timmert in nije medaillekast foar de skoalle. It doarp bliuwt natuerlik nauw ferbûn mei de katolike skiednis fan ús mienskip, dochs rekket ek ús tsjerke steeds lêger. It rike Roomske libben mei de grutte gesinnen is foarbij. en de skoalle rekke yn in dip.
Reahus-Turns hat in aktive Fûgelwacht.De ferslagen stean wol gauris yn it Bochtwurk.
Henk die ûndersyk nei in doarpke mei deselde namme yn Denemarken: RØDHUS. Dat doarp hat in grutte camping mar mear is it net. Anne en Trien sette meikoarten ek mei in camping útein . Dan kinne jo, neffens ús kabaretploech die dat yn ien fan de earste stikken fertelde: “naakt ter aard aan de Franekervaart”.
Us trimclub bestiet al 27 jier en is oprjochte nei de earste doarpen-10 kamp fan Hinnaarderadiel op 5 maaie 1970. Se ha eare ynlein mei dizze en folgende 10- kampen. Ús doarp wie altiid earste fan de gemeente. Doe’t er yn de gemeente jild beskikber kaam foar in trimbaan wie doarpsbelang en Simmerfeesten alert om it jild yn ús doarp te besteden. De lytse Pôlle waard oanleind . Gjin machines alles wie hânwurk, mei krode en skeppe waard it wurk útfierd. .(1973) In 92 en 93 docht de trimclub mei oan de Alvestêden -loop mei start en finish yn Ljouwert Tolve rinners drave yn estafettefoarm 200 km. Prachtige tochten. Dochs komme der net folle leden bij en faaks kin men sizze dat ús klup stadichoan in trimclub foar jong-bejaarden oan it wurden is.
Alle heareteams fan VOVERO dy’t yn 1993 oan de kompetysje dielnimme , wurde dat jier kampioen yn harren klasse en dat is unyk.
Op 26 septimber 1992 rint Reahus fol. It is dûbel en grut feest. De tsjerke bestiet 100 en de skoalle 70 jier. Sa’n lytse 400 gasten komme op dit feest ta. In reuny fan parochy, skoalle en doarp.
Reahûs wurdt stroomleveransier oan de Nuon. De doarpsmûne waard yn gebrûk stelt troch Don Quichot op yn frysk hynder. De doarpswynmolen draait al in oantal jierren en it is no oan de winst ta. “It Rak”, de jongste ferieniging fan Reahûs kriget o.a subsydzje fan de wynmolenskommisje om aktiviteiten foar de bern te organisearen.
In fertrietlike perioade folget. Elly ( 1994), Angela (1996) en Bertus (1997) jonge minsken út ús mienskip ferstjerre binne in tiidsrak fan 3 jier en binne no al mear as 10 jier dea. Wy kinne it hast net leauwe. We sjogge Angela tegearre mei Klas nog die moaie parody op het lied fan de “Beltsjeblom” (fan it Reahûster Kabaret ) sjongen.
In nij fenomeen yn ús maatskippij en yn us doarp :in caravan foar de jeugd. Der moast wol tafersjoch komme fansels. As in hin op har aaien paste Marijke op de bewenners fan dit earste stek. De symboalyske hin, kado fan de crimi’s, stiet noch yn ús tún en de jeugd past no goed op har sels.
It Reahûster kabaret is ûntstien omdat wij mei de Simmerfeesten yn july of augustus gjin jûnsprogramma mear krije koene. “Dan sels mar”, sei Durk en mei geregeld in nei programma, ha se yn in soad plakken yn Fryslân te spyljen west.
Vovero hat jild nedich. op 23 april 1994 wurdt der in grutte rommelmerke organiseare. It wurdt in grut sukses. Vovero kin mear as 5000 gûne bijskriuwe.
Yn 94 waard Marise, dochter fan Jon en Antsje berne. Jon hie oeral in útsprutsen miening oer en it slagge him geregeld foar Radio Fryslân syn ferhaal te dwaan. Ferhalen wer wij ús fraachtekens bij hiene. Thús gong it net sa best. Antsje koe it net folhâlde mei Jon. Nei de skieding krige Jon in strjitteferbod en hy mocht syn dochter net mear sjen. Hy is skofke foarsitter west fan it komitee foar de “dwaze Vaders” en die syn ferhaal by Katharina Keyl foar de televyzje. Hy hat ús doarp mei stille trom ferlitten.
Wat begûn as in praatsje bij de boarrel. waard in oktober 1994 wier. Ûnder lieding fan Angela gong it doarp nei Paris. In groepsfoto hawwe jim net yn it Bochtwurk fine kinnen. De ploech stie der wol al klear foar, mar Karel hie net in roltsje yn syn tastel draait. It wie in prachtige reis., mei in soad wille, dus fjouwer jier letter waard it Brussel en dernei Praag. Wa wit nog ris nei Berlyn of Barcelona.
As jo ferhúzje, litte jo meastentiids in ferhúswein komme en jo binne yn ien dei te plak.Grit, de nije bewenner fan it huske fan Hessel en Jaanstje, ferhuze syn spullen mei it iepenbier ferfier. Wiken en wiken hat er dwaande west om fan Scheemda nei Reahus te ferkassen. Tassen fol mei stiennen, dakpannen, hout , skilderijen , beammen , neam mar op alles waard mei de bus ophelle en yn it lyste huske opsteapele Om it hûs boude hy in grutte skutting. Syn trije hûnen sieten yn ‘e gong. Grit sliepte yn in stoel. Der wie gjin plak foar in bêd. tillefoan hie er net en as hij in buske nedich hie gong er nei Bote of nei in oar yn it doarp. Yn de kâlde winter die folge, seage hij de solder en de balken út syn hús en stookte die in de kachel op. Grit hat it ein fan die winter net helle, nei in koarte sykte, stoar hij yn it sikehûs te Snits. Hy waard begroefen yn it sneinske pak fan Bote yn Nieuw Leusden.
Op Reahus is de namme Andringa, Bootsma, Altenburg en Brandsma hiel gewoan. mar as er dan in Armand de Gouvernand te wenjen komt, wurde we hiel nijsgjirrich. It is in echte Saab-mei- caravan-fan., syn hús fol keunst en praat foar tsien. Hy leit in skieding mei syn frou, mar it slagget him dochs de bern hjir opskoalle te dwaan. As op in goeie dei, ûnder it boarterskertier in grutte slide foar de skoalle stilhâldt en der in prachtige dame yn in koarte bontjas útstapt, binne de rapen gear. De dame, seit neat, pakt har dochters bei de earm, triuwt se yn de auto en naait út. It skoalteam hat it neisjen. Yn in fraksje wie it bard. De bern binne ferbjustere en wij ha de beide famkes nea wer sjoen.
Yn 1996 bestie de trimclub fan Reahus 25 jier. Op het programma stie it ûnderdiel “negerzoenen happen” De hannen op ’e rêch en fanôf in lyts knibbelbankje moast de negerzoen mei de mûle op happe wurde. Ja dat kin tsjinwurdich net mear. Jo meie it wurd negerzoen eins net mear brûke. Tiden feroare.
De doarpsfernijing set útein. De subsydzje foar it opkreazen fan de huzen wurdt omraak brûkt. Bûten it doarp wurde neie sletten groeven en wetterwurken útfiert.
Maar ...de ferneamde “ronde fan Reahus” wurdt it slachtoffer. De dyken feroare en de risiko’s wurde te grut foar sa’n lytse kommisje. De lêste Ronde fan Reahus giet net om prizen mar foar de gesellichheid. Der rinne sûnt die tiid mear mannen mei in burd yn Reahûs om , want it traditionele skearapparaat fan expert Silvius, altiid earste priis fan de ronde, kin mear fertsjinne wurden.
Yn “Fryslân-live”in radioprogramma fan Omrôp Fryslân fertelle Hendrik, Lydia, Henk, Ate en Karel oer it doarp en de skoalle.
De bern geane foar it earst yn in “dubbeldekker”op skoalreis nei Slagharen en de Keatsferiening Reahus-Turns hellet de 5 de priis op de Freule en dat is de opmeat foar 2002 wannear Sytse, Bouke en Tjitte de 100 ste freule winne. en mei de ballon oer Fryslân fare. It is grut feest yn Turns en Reahûs. En in kroan op it wurk fan de keatsclub
Der wie sprake fan om bij de rioelútlaat oan de Frjentsjerter in reidfjild oan te plantsjen. Op die wize soe it rioelwetter fan Reahûs suvere wurde dernei koe it dan loast wurde. Dit plan wurdt gelokkich net útfierd. It rioel wurdt dochs koppele mei it suveringssysteem yn Boalsert. Wij kinne no swimme yn in ridlik skjinne Frjentsjerter.
De boarterstún kriget in nij tastel: in glydsbaan mei klimrek. en Reahus kriget syn eigen Trimloop. Omdat trije rinners bij de eartste trimloop yn de 6 km-klasse neist inoar oer de finish komme, lyk as mei de Alvestêdetocht, mei Karel de earste priis ophelje. in boarterstrekker fan firma de Blaauw. De reade trekker hat jierren yn in hoekje stean mar no boarte de lytsbern dermei.
Vovero feroaret stadichoan yn Covos. De fusyklub fan Wommels, Easterein en Reahûs
Yn 98 spilet de tonielploech de wrâldpremiêre fan in stik fan Trinus Riemersma. It wie in fabelachtig ferhaal oer de asylsikerstragyk. De skriuwer sels siet yn de seal
Yn 98 wurdt it doarp/skoalle oansluten op het gratis ynternet Reahus kriget in plakje op de website fan nwfriesland.nl . Yn skoalle stie de doarpscomputer. Der hat 2 kear immen west om op it ynternet te sykjen. De minsken diene dat dochs leaver thús .
Yn ‘e tap kin yn it winterskoft darten wurde.
Epke Romkes (91)komt yn Snits te wenjen. Hij hat it er swier mei en wij misse de man dy’t altiid foarop rûn bij in begraffenis.
Reahus kriget er in twadde keet bij en Trinus Hoekstra wurdt ús wykagent.
De Rabobank fan Reahûs is allinnich nog op woansdeis iepen. It begjin fan it ein.
Marten Bekema hie altiid in sechde sinding foar it finen fan it earste ljipaai, mar ja, hij hie de tiid want wurkje die er dan even net . Hy wie ek sljocht op eine-aaien. Jierren wûn Marten de beker en de graveur yn Snits hie er syn nocht fan om alle kearen de namme fan Marten Bekema yn de wikselbeker foar it earste ljipaai graveare te moaten Hy oppere it plan om oanhellingstekens te brûken. It is jammer dat Marten, net mear yn ús fermidden is.( 2005) Dochs binne wij him net ferjitten , want wa soe de “Marten Bekemapriis” foar it earste ljipaai dit jier krije.?
Op 8 juli 2000 waard de earste Slachtemarathon hâlden. In grut barren. Tûzenen minsken sjogge al fan fieren it Reade hûs fan Netty lizzen en se folgje it reade spoar troch it doarp en oeral klink muzyk. Netty kin net oer de reade kleur fan har hús en knipt er jûns stikem twa gatten yn. Yn 2004 falt de Slachtemaraton tagelyk mei it feest fan Bonifacius ( 1250jier) Yn in beam fan Reahus wurdt dit ferbeelde. It hellet de radio.
De kommisje Simmerfeesten hâldt in enkête. Se stjoere 200 brieven en krije 4 werom. Wij witte hoe’t dat komt. want wa’t opmerkings hat, mei syn ideeën yn de kommisje útprobeare.
Yn 2001 wurdt der net in jiersfergadering fan it doarpsbelang hâlden fanwege de MKZ- krisis De bern op skoalle moatte de fuotten faaie op in ûntsmettingsmatte en master kin net bij de âlden fan groep 8 lâns.
Elsbeth spilet mei yn de bernemusikal te Easterwierrum. Se is dermei de earste fan ús skoalle. Reahus.. It stik is baseare op in boek fan Roald Dahl: Sjakie en de Chocoladefabriek. De jierren dernei ha gâns mear bern fan ús skoalle meidien.
De Jeu de Boulesbaan komt er en dermei in nije feriening yn ús doarp. en foar de âlderearstekear hat Reahus in earste klassepartij keatsen. De ruilferkaveling Wommels wurdt ôfsletten. It wurdt wer restich yn ús doarp.
Yn 2003 giet de caravan bij de brêge yn flammen op. Is it leafdesfertriet, jaloezy of fandalisme,de jongeren binne der kapot fan, mar litte it er net bij sitte en bouwe, timmere en ferve in nij honk . De iepening is in grut feest.
“In Holland staat in huis”, no dat ha we witten. It hûs fan Oane en Trien en fan Alex is stevich ûnder hannen nommen. De plysje hie it ferkear foar de besichtiging regelje moatten ,sa drok wie it.
Nei de grutte merke noch yn “lytse merke” dat bard bij de “Green Spirit“en tenei elts jier wêr. en mei it krysttoernoai op 2de krystdei betinkt Vovero har 50 jier bestean..
Jo kin tsjinwurdich ek alles folgje op de nije website fan Reahûs:
www.reahus.nl Eintsjebeslút ferdwynt er dochs wer in bedriuw fan Reahûs. Jan Altenburg stopt. De frachtwein komt op marktplaats.nl.it sil wenne wêze. Nee dan de skoalle, de dip is foarbij, noch nea sieten der safolle bern op dus Gerard wol ferbouwe
Natuerlik wie der folle mear, faaks in oare kear