Op vrijdag 7 mei 2010 19:36 schreef Alexxxxx het volgende:ús pake Atte wie 94 en echt útlibbe
hy wie op al wie er yn 'e holle noch sa helder sa geef as kryt
en doe bin ik deselde nacht dat er ferstoarn is by him west
hy hie kompleet gjin krachten mear en hy wie noait in prater west
in serieus petear hie ik myn libben noch noait echt mei him hân
want yn de omgong wie er wat ôfstânlik noait echt in waarm persoan
ik frege him ek niks ik sei: ‘hoi hoe is it?’ en doe sei er samar út it neat wei
hy fette eigentlik yn inkele wurden syn hiele libben gear:
‘dû tinkst dat it komt mar it komt noait’
en dat stiet by my yn marmer beiteld dat is in hiel libben yn 't koart
hy wie op syn manier sykjende allinnich hy socht it yn 'e matearje
hy hat gewoan de pech hân dat er yn in ferkearde tiid libbe
hy kaam út 'e bittere earmoed wei út 'e tritiger jierren
en berikte toch min ofte mear wat er berikke woe:
in sekere foarspoed in sigaar roke kinne iderien in eigen hûs
en toch sei er by syn ferstjerren: dû tinkst dat it komt mar it komt noait
dan bist 94 en dan tinkst noch hieltyd dat it komt
dû tinkst dat it komt mar it komt noait