voor wie goed is in fries: er was dus opzet:
By it slimme auto-ûngelok op Keninginnedei yn Apeldoarn wie opset yn it spul. Boargemaster De Graaf fan dy stêd hat dat tongersdei sein tsjin de organisaasje fan Keninginnedei.
De boargemaster die dizze útspraak achter sletten doarren. Omdat ien fan de organisatoren, in Fries-om-utens, in senderke fan Omrop Fryslân op hie, koe Omrop Fryslân-ferslachjouwer Auke Zeldenrust dizze útspraak hearre en opnimme. Letter op Keninginnedei wurdt mear bekend oer it slimme auto-ûngelok.
De boargemaster fertelde de organisatoren dat de bestjoerder fan de swarte auto tsjin de plysje sein hat dat hy 'mei opsetsin' it ûngelok feroarsake hie.
Bij tijd en wijle aanwezig...